Snits Wyt Swart hâldt lieding

Snits Wyt Swart Boso wie snein yn Raalte mei 3-1 te sterk foar Rohda Raalte. Yn in lykopgeande earste helte wienen der kânsen oan beide kanten. Op slach fan rêst soarge Daniel Bennik foar de Snitser iepeningstreffer.
Erolind Derguti makke tsien minuten nei rêst de 2-0, wêrtroch't de ploech fan Johan Groote op in komfortabele foarsprong kaam. Mark Homme van der Veen wreide de marzje fierder út. Rohda Raalte mocht noch wat werom dwaan, mar fierder lieten de Snitsers it net komme.
It is de sechsde oerwinning út njoggen wedstriden, wêrtroch't Snits Wyt Swart noch altyd oan de lieding giet yn de sneinshaadklasse C. Konkurrint De Bataven ferlear fan Alcides, wêrtroch't de Snitsers no allinnich koprinner binne.