Ynbrekkers oppakt yn Drachten

10 nov 2013 - 15:16

De plysje hat sneontenacht twa ynbrekkers oanhâlden yn Drachten. In bewenner fan de Feanskieding hie in fernield rút fan in berging sjoen en fertroude it net. Hy seach hoe't twa mânlju wat yn in auto dienen. De tsjûge belle de plysje en dy hâlde it duo, twa manlju fan 26 út Drachten en De Pein, oan.

De plysje fûn yn 'e auto in generator en oare weardefolle saken. By de Peinster thús waard in grutte partij wyt poeier fûn, nei alle gedachten speed.

Trefwurden: 
Drachten plysje ynbraak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)