Wrâldrekôr ploege-efterfolging

10 nov 2013 - 14:08

Sven Kramer mocht sneon wer in nij wrâldrekôr oan syn listje tafoegje. Op de wrâldbekerwedstriid yn Calgary sette er mei Jan Blokhuijsen en Koen Verweij in nij rekôr del by de ploege-efterfolging. It trijetal klokte in winnende tiid fan 3.37,17 en wie dêrmei rapper as de Amerikanen mei 3.38,66. It brûns gong nei de Súd-Koreanen mei in eintiid fan 3.40,53.

Mei it wrâldrekôr binne de Nederlânske manlju sa goed as wis fan kwalifikaasje foar de Winterspelen yn Sotsji. De seis bêste lannen yn it wrâldbekerklassemint krije in startplak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)