Plysje hâldt 34 Friezen oan

Plysje-embleem © ANP
De plysje hat yn gearwurking mei justysje 34 Friezen oanhâlden om't se noch in finzeninstraf útsitte moatte of in boete net betelle hawwe. Fiif minsken betellen dochs noch de boete. Dat smiet de steatskas 25.000 euro op.
Plysje en justysje hawwe by 130 wenten op besite west. Foar de aksje wie spesjaal in romte reservearre yn finzenis De Marwei yn Ljouwert.