Plysjeman feroarsaket botsing

10 nov 2013 - 12:06

De oanriding fan sneontejûn op de N31 by Harns is feroarsake troch in 58-jierrige plysjeman mei te folle alkohol op. De plysjeman hie fjouwer kear safolle drank op as tastien. Dat hat de plysje sneintemoarn bekend makke. De plysjeman botste by de Keningsbrêge frontaal op de auto mei In echtpear út Frjentsjer. Yn de auto sieten ek harren bern fan 1 en 2 jier. De 29-jierrige heit moast mei ferwûning nei it sikehûs. Syn 27-jierrige frou, de lytse bern en de plysjeman wiene net ferwûne.

De plysje docht yntern ûndersyk nei de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)