Lokale omrop giet digitaal
De lokale omrop yn Noardeast-Fryslân hat sûnt sneon in nije, digitale studio. Dy is sneon yn gebrûk naam. De studio is der kaam nei't de útstjoerlisinsje okkerdeis ferlingd is mei fiif jier.
De streekomrop RTV NOF stjoert út yn de gemeenten Dongeradiel, Dantumadiel en Kollumerlân. De omrop siket frijwilligers foar allerhanne wurksumheden.