Sliepende Rus mei stellen guod

01 feb 2012 - 11:13

De plysje hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei in 28-jierrige man út Ruslân oanhâlden op fertinking fan heling. De man waard sliepend op in bankje yn de stasjonshal fan Ljouwert oantroffen. Hy koe gjin legitimaasje sjen litte.

Yn de tas fan de man fûn de plysje ûnder oare elektryske toskeboarstels, en horloazjes, dy't wierskynlik stellen wiene. De fertochte waard meinommen nei it buro foar ferhoar, it guod is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
heling Rus stasjonshal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)