Konsertkonkoers by Omrop

It konsertkonkoers foar blaasmuzyk yn Drachten wie sneon in skoftlang inkeld live no te folgjen op http://www.omropfryslan.nl/live/konsertkonkoers. De ferbining mei www.omroplive.nl dêr't it konsert op útstjoerd wurde soe, smiet problemen op. Yn de rin fan de dei binne de problemen ferholpen en koe it festival wer beharke wurde op omroplive.nl.
It konkoers wurdt hâlden yn De Lawei yn Drachten. Fyftjin korpsen spylje foar punten en se kinne dan promovearje nei in hegere divyzje. It konkoers duorret sneon oant 22.00 oere.