Ferkiezingsprogramma yn audio
PAL GrienLinks yn Ljouwert hat har ferkiezingsprogramma ek as audioboek meitsje litten. De partij hat dat dien foar minsken mei in fisuele beheining en minsken dy't net lêze kinne.
It audioboek kin download wurde fia ynternet of beharke wurde op Youtube. Under oaren Isabelle Diks en Gerben Hoogterp hawwe teksten ynsprutsen.