Derek twadde yn Wolvegea

08 nov 2013 - 19:02

Pikeur Arend de Wrede is mei Derek Buitenzorg, it hynder fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân, freedtejûn twadde wurden op Victoriapark yn Wolvegea. Derek starte yn it middenfjild, mar rûn de lêste 150 meter oan kop. Op de streep waard er noch krekt ynhelle troch Jos Verbeeck mei Dasmijn Medo.

Derek hat mei syn twadde plak 500 euro fertsjinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)