Cambuur-Utrecht in oere letter

08 nov 2013 - 16:57

De KNVB hat de begjintiid fan de bekerwedstriid SC Cambuur tsjin FC Utrecht op 18 desimber in goed oere ferskood. De wedstriid begjint no om kertier foar fiven en net om healwei fjouweren. FC Utrecht hie by it fuotbalbûn beswier makke tsjin de betide oanfangstiid.

De KNVB hat nei oerlis mei de gemeente Ljouwert, televyzjestjoerder FOX en de beide klups de wedstriid wat opskood. Oare data binne yn ferbân mei de kompetysje net mooglik. De bekerwedstriid wurdt middeis al spile fanwege de start fan it Glêzen hûs fan Serious Request.

De iepening fan it Glêzen hûs is dyselde jûn ek. Fanwege de iepenbiere oarder kinne beide dingen allebeide net tagelyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)