Wieling: gjin kontakt mei UNOX

01 feb 2012 - 10:26

Wiebe Wieling fan de Feriening De Fryske Alvestêden hat gjin kontakt hân mei Unilever oer it útdielen fan UNOX-mûtsen by in Alvestêdetocht. Hy seit dit yn in reaksje op útspraken fan Jort Kelder yn de Wereld Draait Door fan tiisdei.

Wieling is ek net fan doel om komtakt op te nimmen mei it bedriuw oer dizze foarm fan reklamemeitsjen. Yn in reaksje seit Wieling dat de Alvestêdetocht net sponsore wurdt.

Neffens Jort Kelder is Unilever fan doel om der tidens in tocht fol tsjin oan te gean, wat de organisaasje fan de tocht der ek fan fynt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)