'Sâltwinning min foar fûgels'

08 nov 2013 - 16:15

Sâltwinning ûnder it Waad hat negative gefolgen foar ferskate fûgels dy't gebrûk meitsje fan sânplaten. Dat stiet yn in ûndersyk fan it NIOZ dat freed publisearre is. Benammen de Ballastplaat flakby Harns kin sa bot sakje troch de sâltwinning dat trekfûgels en bercheinen dêr net mear ferbliuwe en frette kinne.

It rapport komt in moanne neidat it sâltwinningsbedriuw Frisia Sâlt út Harns bekend makke hat dat it fan 2016 ôf stadichoan oerskeakelje wol fan lânwinning nei winning ûnder de Waadsee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)