Van Mourik boargemaster Menaam
Tom van Mourik wurdt waarnimmend boargemaster yn de gemeente Menameradiel. Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma hat dat tiisdeitejûn besletten nei oerlis mei fertsjintwurdigers fan de ried fan Menameradiel.
Van Mourik is no noch wethâlder op Flylân en ek is hy foarsitter fan de VVD-fraksje yn provinsjale steaten. Van Mourik begjint op 21 ferbrewaris. Hy nimt de taken oer van boargemaster Van Delft dy't ferline wike mei pensjoen gien is. Sy wie 18 jier boargemaster yn Menameradiel.