Vier Voeters helpt Pantera

08 nov 2013 - 15:11

Goed nijs foar de 27 bewenners fan rôfbiste-opfang Pantera yn Nijeberkeap. De stifting kin al sûnt langere tiid de rekkens en it iten foar de bisten net mear betelje. De skulden rinne yn de tsientûzenen euro's. Pantera kriget no stipe fan de ynternasjonale stichting Vier Voeters. Sa wurde de tigers, liuwen en oare ôftanke sirkus-en dieretúnbisten út de brân holpen.

Vier Voeters sil ûnder oare in fergunning by de gemeente oanfreegje om nije ferbliuwen foar de bisten te bouwen.

Trefwurden: 
Pantera Vier Voeters
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)