Visser skipper by De Lemmer

08 nov 2013 - 14:40

Albert Visser wurdt de nije skipper fan it Lemster skûtsje. Dat hat de behearende stichting bekend makke. De 51-jierrige Visser wie de ôfrûne njoggen jier aktyf as skipper op it skûtsje fan Drachten. Hy giet no oer nei it skûtsje fan syn eigen wenplak.

Visser nimt by De Lemmer it plak yn fan Johannes Meeter. Dy wie fiif jier lang skipper op it Lemster skûtsje, mar syn kontrakt waard net ferlingd, omdat it him net slagge yn de top mei te silen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)