Heger berop yn swimbadmoard

08 nov 2013 - 13:20

De man dy't opdracht joech foar de moard op Jan Elzinga út Mearum yn Grinslân en dy't feroardiele is ta achttjin jier selstraf, giet yn heger berop. Neffens syn advokaten is harren kliint allinnich feroardiele op basis fan de tsjûgenis fan de skutter. De man dy't sketten hat, hat fyftjin jier sel krigen.

De deadlike sjitterij wie ferline jier op it parkearplak fan it swimbad yn Mearum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)