Trochstart Henk ten Hoor?

08 nov 2013 - 12:22

De fallite kleanwinkels fan Henk ten Hoor meitsje mooglik in trochstart. Dat seit kurator Jeroen Reiziger. De winkelketen waard yn 2012 ek al fallyt ferkleare. Doe stapte in nije ynvestearder deryn. Dêrtroch koene sechstich fan de eardere 103 winkels wer fierder. Tsien dêrfan steane yn Fryslân. No is it bedriuw tongersdei wer fallyt ferklearre, omdat de ferkeap fan 't maaitiid ôffoel.

Der soene twa serieuze kandidaten foar de trochstart wêze, seit de kurator.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)