Noch gjin gebou keatsmuseum

08 nov 2013 - 11:38

Der is noch net konkreet in gebou oankocht dêr't it keatsmuseum yn komme moat. Neffens de foarsitter fan it museum, Jan Hiemstra, binne der ûnderhannelings, mar is der noch gjin sprake fan in konkrete oankeap. "Wy wolle dit goed dwaan, net halje travalje. Mar it komt goed."

De oankeap soe gean oer in bedrach fan fjouwer ton, mar neffens Hiemstra kin dat wolris minder wurde. Dêr stiet foaroer dat der noch wol oanfoljende kosten foarsjoen wurde. De gemeente Frjentsjerteradiel en de provinsje Fryslân stean beide garant foar ientredde diel.

Trefwurden: 
Frjentsjer keatsmuseum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)