PvdA It Fean foar nij Thialf

01 feb 2012 - 07:26
In skets fan in nij Thialf by it Abe Lenstra Stadion

De leden fan de PvdA op It Fean hawwe har tiisdeitejûn útsprutsen foar nijbou fan Thialf by Sportstêd Hearrenfean. Wethâlder Buwalda fan It Fean en deputearre Konst hiene al earder oanjûn dat se foar nijbou binne en de ôfdieling Hearrenfean fan de PvdA stipet dy kar.

Der waard noch wol in kanttekening by makke dat de kosten foar in nij Thialf net betsjutte meie dat de lokale lesten omheech gean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)