Roemeen Tsjûkemarmoard oppakt

De 26-jierrige Roemeenske man dy't fertocht wurdt fan belutsenheid yn de Tsjûkemarmoard by parkearplak Ulesprong yn juny dit jier is yn Denemarken oanholden. De Roemeen waard al op 25 oktober oppakt nei in ynbraak en stellerij yn Denemarken, mar de plysje hat de arrestaasje no pas bekend makke. Der wurdt no besjoen hoe't en wannear't de man útlevere wurdt oan Nederlân.
Op it parkearplak by St. Nyk waard yn juny in man út Amsterdam dea fûn. De man wie fêstbûn en ferbaarnd.