Begrutting Achtkarspelen klear

Gemeente Achtkarspelen
In mearderheid fan de ried fan Achtkarspelen hat tongersdeitejûn ynstimd mei de begrutting foar 2014. Dat betsjut ûnder oare dat de regeling maatskiplike partisipaasje yn stân bliuwt. Dêrmei kinne minsken mei in lyts ynkommen dochs meidwaan oan sportive en kulturele aktiviteiten.
Boppedat sille de lokale lêsten foar in húshâlding takom jier trochinoar mei alve euro omheechgean. Wat de sport oanbelanget, sil ynvestearre wurde yn it ûnderhâld fan in tal sportfjilden en wurdt op De Harkema een keunstgersfjild oanlein.