Auto tsjin beam by Donkerbroek
Ferkear op de N381 fan Drachten nei Easterwâlde hat freedtemoarn by Donkerbroek langere tiid hinder hân fan in ûngelok. Dêr wiene twa auto's by belutsen. Ien fan beide auto's is tsjin in beam riden. Ien persoan moast troch de brânwacht út de auto weihelle wurde.
It ferkear fan Easterwâlde nei Drachten koe gewoan trochride.