Heechlanner noch net werom fûn

Skotske heechlanner
De losrinnende Skotske Heechlanner op de N381 by Appelskea is noch altyd net fûn. Meiwurkers fan it Drents-Friese Wold ha harren sykaksje staakt om't it te tsjuster wurden is. De ferkearsbuorden lâns de dyk bliuwe stean yn ferbân mei de ferkearsfeiligens. Auto's meie hjir tydlik net hurder as 50 kilometer ride.
Mocht der yn de jûn of nacht noch in melding binnen komme fan minsken dy't it bist sjoen hawwe, dan wurdt der fuortendaliks opnij begûn mei sykjen, lit boskwachter Corné Joziasse witte. Freed sil der yn elk gefal wer socht wurde.