André Kuipers iepenet skoalle

Astronaut André Kuipers hat tongersdei in nij gebou foar technysk ûnderwiis iepene by it ROC yn Drachten. Kuipers set him bot yn om jeugd te ynteressearjen foar technyk. Yn Drachten is romte foar 800 technykstudinten.
Twa jier lyn seach elk ta hoe André Kuipers ferskate eksperiminten útfierde yn it ynternasjonaal romtestasjon ISS. Syn populariteit wurdt tsjintwurdich brûkt om technyk te promoaten ûnder jongeren. Hy is dan ek in grut foarstanner fan technyske skoallen.