Traseebeslút De Jouwer oanbean

07 nov 2013 - 16:00

Deputearre Sietske Poepjes hat tongersdei it traseebeslút oer it nije knooppunt by De Jouwer krigen. Earder dizze wike sette minister Schultz van Haegen fan Ynfrastruktuer en Miljeu har hanteken ûnder it beslút. Yn 2015 sil de skeppe de grûn yn gean en it knooppunt moat yn 2017 klear wêze.

Diskusjes oer it wol of net opnimmen fan it akwadukt Skarsterien yn it projekt soarge foar ekstra opûnthâld yn it nimmen fan it beslút. Yn april waard besletten dat it akwadukt net meinommen wurdt. It traseebeslút leit no o/m 24 desimber op besjen.

Trefwurden: 
traseebeslút
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)