Witteveen bêste learbedriuw

Witteveen Drachten útroppen ta bêste learbedriuw.
Witteveen BV út Drachten is útroppen ta bêste learbedriuw fan Nederlân yn de kategory Middenkader Bou & Ynfra. De sjuery wie tige te sprekken oer de gearwurking tusken it bedriuw, ROC Friese Poort, de gemeente, provinsje Fryslân en partners út it bedriuwslibben.
Witteveen lit dêrmei sjen dat it oplieden fan studinten sels yn drege krisistiden wat opsmite kin foar it bedriuwslibben.