Miljoen foar Friesian Agro

07 nov 2013 - 15:01

It Ljouwert agrarysk adfysburo Friesian Agro Consultance BV yn Ljouwert, sil in miljoen euro ynvestearje yn de ûntwikling fan in kompjûterprogramma, dêr't se fanút Ljouwert oer de hiele wrâld de bedriuwsfiering fan buorkerijen en molkfabriken mei begeliede en kontrolearje kinne.

It projekt is mei mooglik makke troch subsydzjes fan de provinsje en SNN. Friesian Agro begeliedt en advisearret bedriuwen yn East-Europa, Azie en Afrika.

Der wurkje op dit stuit 15 man by it bedriuw en dat oantal kin neffens direkteur Lammert Fopma miskien ferdûbele wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)