Gjin spoar fan oerfallers

07 nov 2013 - 14:25

De plysje hat noch gjin spoar fan de oerfallers fan in Poiesz-supermerk yn Dronryp. Der binne wol in oantal tsjûgen heard, dy't har op fersyk fan de plysje melden hiene.

Woansdei om twa oere hinne wie de oerfal op de supermerk oan de Terp. In man bedrige de kasjêre mei in pistoal en naaide út mei de ynhâld fan de kassa. Tsjûgen seagen de man fuortrinnen, tegearre mei in oare man. Der is by de oerfal net ien ferwûne rekke.

Trefwurden: 
Dronryp oerfal Poiesz
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)