Lutinepriis Ineke Noordhoff

07 nov 2013 - 14:14

De Skylger Lutinepriis giet dit jier nei Ineke Noordhoff út Midlaren. Dat hawwe boargemaster en wethâlders fan it eilân besletten, op foardracht fan in sjuery. Ineke Noordhoff krijt de priis foar har masterskripsje 'Grazen in stuivende duinen'. Dy beskriuwt it dilemma tusken it brûken fan de eilanner dunen foar kommersjele doelen of as natuergebiet.

Publikaasjes dy't wat bydrage oan de kennis oer Skylge komme yn oanmerking foar de Lutinepriis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)