Ofspraken oer Thialf en iishal

31 jan 2012 - 22:30

De nije iisbaan yn Ljouwert mei net konkureare mei Thialf, sa ha de gemeenten Ljouwert en Hearrenfean ôfpraat. Thialf en de Ljouwerter iishal moatte sels gearwurkje. As earste komt der in ûndersyk nei de gefolgen fan in nije 400 meter baan yn Ljouwert, want dy mei gjin konkurrinsje opsmite foar Thialf. It alternatyf is in baan fan 333 meter.

Beide gemeenten stappe foar beide iisbanen mei ien ferhaal rjochting provinsje om sawol foar de nije iishal yn Ljouwert as it nije Thialf op It Hearrenfean jild te freegjen.

Takom wike praat provinsjale steaten dêr oer. Mooglik dat Thialf yn de takomst rekreaasjeriders mei in abonnemint freget nei Ljouwert te gean as de eigen iisbaan by grutte toernoaien sletten is.

Trefwurden: 
Thialf iishal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)