Ambulânsesoarch mei Flevolân
De ambulânsesoarch fan Fryslân en Flevolân sille tenei mear gearwurkje. Dat stiet yn in konvenant dat beide regionale ambulânsefoarsjennings ûndertekene hawwe.
Fan moandei ôf wurdt de ambulânse alarmeard dy't it tichst by it plak fan it ûngelok is. It kin dus wêze dat in team út de Noardeastpolder nei De Lemmer stjoerd wurdt of oarsom.