Genôch regels foar dongsilo's

07 nov 2013 - 09:48

Minister Lodewijk Asscher fynt de regels foar dongsilo's op it stuit adekwaat genôch. Dat hat er antwurde op fragen fan PvdA'ers Lutz Jacobi en Sjoera Dikkers. De Twadde Keamerleden hiene de fragen steld nei it ûngelok yn de dongsilo by Makkingea. Derbei kamen trije minsken om.

De famylje Lemmens, eigeners fan de silo, ferlearen harren soan. Sy wolle no dat de regels feroare wurde. Asscher seit dat dat pas oan de oarder is as it ûndersyk fan de Undersyksried foar Feiligens dat útwiist.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)