Aris ferliest fan Wijchen

06 nov 2013 - 21:50

De basketballers fan Aris ha mei 83-70 ferlern fan Wijchen. Yn it Kealledykje kaam Aris dreech út de startblokken. Nei it earste kwart stie der in 21-10 tuskenstân op it boerd yn it foardiel fan de gasten út Wijchen. Foar it skoft wist de ploech fan trainer Ed Molthoff de skea te beheinen oant 11 punten (40-29). Nei rêst begûn de Ljouwerter ynhelrace. Nei it tredde kwart stie der noch in lytse 56-53 efterstân op it boerd. Yn it slot fan de wedstriid naam Wijchen wer it inisjatyf oer en rûn út nei 67-57, wêrnei't Aris belies jaan moast.

Fan de 8 wedstriden wist Aris der oant no ta noch mar 3 te winnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)