Tsjûgen oerfal Dronryp socht

06 nov 2013 - 21:03

De plysje is op syk nei tsjûgen fan de oerfal op in supermerk woansdeitemiddei oan De Terp yn Dronryp. Om 14.00 oere kaam der in man de winkel yn. Hy bedrige de kasjêre mei in pistoal en twong har de kassa iepen te meitsjen. Dêrnei naaide er út mei it jild. Tsjûgen seagen de man fuortrinnen nei de Alddyk en dêrnei koe er fia in steechje nei de Brêgebuorren ûntkomme. Nei alle gedachten is er de Dûbelestreek ynrûn. Mooglik is de man holpen troch in twadde fertochte, dy't de boel bûten yn 'e gaten hold. By de oerfal rekke gjinien ferwûne.

De oerfaller is in blanke man, mei koart blond hier. Hy prate Nederlânsk en is tusken de 25 en 30 jier. De man hie in swarte sinnebril op en in swarte winterjas mei bûntkraach oan. Dêrunder hied er in spikerbroek en wite sportskuon. De man dy't bûten stie te wachtsjen hie in East-Europeesk uterlik. Hy hie koart swart hier en hie in rútsjejas en in swarte trainingsbroek oan.

Wa't mear wit kin kontakt opnimme mei de plysje op 0900-8844 of anonym op 0800-7000.

Trefwurden: 
Dronryp oerfal Poiesz
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)