Kontrôle Wetterskip út de loft

Wetterskip Fryslân kontrolearret dizze wike oft Fryske boeren de sleatten wol goed skjin ha. Boeren hienen oant 1 novimber de tiid om har sleatten te hekkeljen. It wetterskip brûkt by dizze skou helikopters, sadat se fan boppe kontrolearje kin.
Neffens Wetterskip Fryslân is it tige wichtich dat de sleatten skjin holden wurde. Dat is better foar de oan- en ôffier fan it wetter, benammen yn wiete perioaden. Boeren dy't net hekkelje, wurde warskôge. Dogge se der neat oan, dan makket it wetterskip de sleatten skjin op kosten fan de eigener.