Nij plan breder fytspaad

Fytspaad
Foar it breder meitsjen fan it fytspaad tusken Burchwert en Boalsert komt in nij foarstel. Dat meldt Doarpsbelang Burchwert. Earder karde it kolleezje in fytspaad fan 2 meter ôf. Dit beslút is wer ynlutsen troch wethâlder Gea Akkerman. Yn oerlis mei Doarpsbelang komt in nij plan.
Dêrby wurdt sjoen nei ferbreding en ferbettering fan it paad, sûnder dat grûn oankocht wurde moat of sleatten omlein wurde moatte.