'Harns pakt oerlêst goed oan'

Harns is in foarbyld foar de rest fan it lân as it giet om hoe't de oerlêst fan jongeren fan in jier as 12 oanpakt wurdt. Dat sei minister Ivo Opstelten fan Feiligens en Justysje woansdei by in wurkbesite. Yn Harns binne teams gearstald mei gemeente, skoalle, plysje, in jongerenwurker en it sintrum foar Jeugd en Gesin. As der oerlêst konstatearre wurdt, krije de feroarsakers en har âlden in oantekene brief fan de boargemaster mei in warskôging.
Yn Harns wiene trije jier lyn noch 6 groepkes jongeren dy't saken fernielden en oare jongeren bedrigen of yntimidearren. No is der noch mar ien sa'n groepke. Opstelten woe mei eigen eagen sjen hoe't de oanpak wurket. Ek hat hy mei de belutsenen praat.