Nije edysje Biltsk wurdboek

06 nov 2013 - 15:04

De nije edysje fan it Biltsk wurdboek wurdt freed 15 novimber presintearre yn Sint Jabik. 'It Woordeboek fan ’t Bildts' is in twadde ferbettere en oanfolle edysje fan it wurdboek fan 1996, dat al jierren útferkocht is. Sytse Buwalda hat de teksten op ‘e nij troch west en leksikograaf Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy hat de einredaksje fersoarge.

Yn dizze nije útjefte is ek it staveringsboekje ‘Hoe skrive wy ’t in ’t Bildts?’ opnommen. It wurdboekpart bestiet út twa dielen: in wurdboek Biltsk-Nederlânsk en in yndeks Nederlânsk-Biltsk.

Yn it earste part wurdt de Biltske wurdskat beskreaun. Neist de moderne wurden wurde ek gâns âldere wurden behannele dy't in byld jouwe fan it eardere Bilt. Alde bernespultsjes, it âlde ambacht en lânwurk krije har gerak. De wurdboekartikels wurde yllustrearre mei foarbylden, taaleigen en sprekwurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)