Nij trefpunt by pont Suwâld

06 nov 2013 - 14:14
Pontsje by Suwâld

By Suwâld komt in nij rekreaasjetrefpunt. De pontstifting Schalkediep, wettersportferiening Suwâld en de gemeente Tytsjerksteradiel hawwe dêr woansdei offisjeel in gearwurkingsferbân foar ûndertekene. Al sûnt begjin 2009 hawwe der inisjativen west om de besteande haven te fergrutsjen en te ferbetterjen.

Oanlieding fan de plannen wie de minne tastân fan it damwandhout fan de haven. De pont set alle jierren sa'n 13.000 minsken oer.

Trefwurden: 
haven rekreaasje pont Suwâld
(Advertinsje)
(Advertinsje)