D66: Ljouwert ûnleauweardich

31 jan 2012 - 19:20

De steatefraksje fan D66 lûkt mooglik syn stipe oan de Ljouwerter foardracht as Kulturele Haadstêd yn. Dat is it gefolch fan de kar fan de gemeenteried om it keunstesintrum Parnas op te heffen. Dêrmei makket de haadstêd him folslein ûnleauweardich, fynt D66.

De partij fynt dat Ljouwert net oan de iene kant kandidaat-Kulturele Haadstêd wêze kin en oan de oare kant de basis ûnder de keunstedukaasje weihelje kin. Oant no ta wie de D66-fraksje foar de kandidaatstelling fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Parnas KH2018 D66
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)