Gjin wetter út kraan op Gordyk

31 jan 2012 - 18:59

Troch in grut lek yn in transportlieding foar drinkwetter komt der tiisdeitejûn op De Gordyk, yn Jobbegea en Aldeberkeap gjin of hast gjin wetter út de kraan. Neffens Vitens moat it lek yn de Tsjongerfallei lizze, mar it krekte plak fan de breuk is noch net fûn. Oan beide kanten fan it lek wurdt de lieding ôfsletten. It lek moat wol foar in soad wetter soargje, seit Vitens, mar der binne noch gjin meldings binnenkaam oer ûnderspield lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)