Stipe foar duorsume fiskerij

31 jan 2012 - 18:51

Foar beropsfiskers dy't duorsumer wurkje wolle is de kommende moannen 8 ton subsydzje beskikber. Provinsje, gemeenten en it Europeesk fiskerijfûns stelle dat bedrach beskikber foar de duorsume ûntwikkeling fan de fiskerijsektor. De stipe is beskikber foar fiskers út de Iselmarkustgemeenten en Waadseekustgemeenten. Earder is it jild brûkt om mesheften, de skulpdieren dy't ek bekend binne as skearmessen, te promoatsjen as kulinêr produkt. Ek waard in plan stipe om de skiednis fan de garnalefiskerij fan Moddergat út ûnder de oandacht te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)