Gjin jild foar skea guozzen

06 nov 2013 - 11:15

In ynwenner fan Aldeboarn hat ek neffens de Rie fan Steat gjin rjocht op in fergoeding foar de skea dy't guozzen op syn lân oanrjochte hawwe. De man hat fan de provinsje in fergunning krigen foar it ôfsjitten fan guozzen op syn lân. Yn 2011 is hy wol yn aksje kaam tsjin de guozzen, mar binne der gjin fûgels troch him deasketten. Om dy reden hat hy gjin fergoeding krigen fan it Faunafûns.

Neffens de boer hat hy genôch dien om skea foar te kommen en wie it him net dúdlik dat je ek echt fûgels deasjitte moatte.

Nei de rjochtbank fynt ek de Rie fan Steat dat ûnderdiel fan de fergunning is dat je ek de meast fiergeande maatregel útfiere moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)