Man omkaam by brân yn hûs

06 nov 2013 - 08:58

By in brân oan de Dotingastate yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren is woansdeitemoarn it stoflik omskot fan de 44-jierrige bewenner oantroffen. Syn soan fan 14 waard om healwei njoggenen wekker fan in sterke brânlucht en ûntduts de brân. Hy lei boppe yn it wenhûs te sliepen en koe himsels yn feilichheid bringe. Ferskate helptsjinsten wienen oproppen om it fjoer te bestriden en troffen op de bank it lichem fan de man oan. De plysje hat ûndersyk dien. It fjoer is by de bank ûntstien. De man is troch ferstikking om it libben kommen.

Neffens buertbewenners hat der krekt in jier lyn ek alris brân west yn itselde hûs. Nei de brân op de Kelders is it yn in pear wike tiid de twadde kear dat yn Ljouwert in persoan om it libben komt by in brân. Boargemaster Crone sprekt fan in drama. Ek op de brânwachtminsken hat de brân grutte ympakt.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)