Rutte ûnder yndruk fan Fryslân

05 nov 2013 - 23:49

Fryslân docht it op meardere punten folle better as de rêst fan it lân. De provinsje soe in foarbyld wêze kinne. Dat sei minister-presidint Mark Rutte tiisdeitejûn op in byienkomst fan ûndernimmers yn it Fries Museum. Mar it boadskip wie dúdlik; Rutte komt jild heljen en net útjaan. Hy joech wol in plomke oan de Friezen, omdat se fan alles betinke en útfiere. Hy neamde de opfang fan de krimp, de weryndieling, wettermanagement en de goeie bân tusken ûnderwiis en bedriuwen.

Trefwurden: 
Fries Museum Mark Rutte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)