Ferlies froulju SC Hearrenfean

De fuotbalfroulju fan de SC Hearrenfean ferlearen tiisdeitejûn de thúswedstriid yn de BeNe League mei 4-2 fan Standard Luik. De Belgyske kampioen wie op it keunstgers fan sportpark Skoatterwâld de bettere ploech. Lykwols kaam SC Hearrenfean op in 2-0 foarsprong troch goals fan Vivianne Miedema. Nei de 2-0 kaam Standard Luik maklik werom yn de wedstriid en rûn it út nei in fertsjinne 4-2 oerwinning. SC Hearrenfean stiet mei 18 punten út 8 wedstriden noch wol boppe-oan yn de BeNe Leauque. FC Twente en Standard Luik folgje op in punt.