Kânsen ûndernimmers yn Kanada

It WTC yn Ljouwert en it WTC yn it Kanadeeske Winnipeg sille gearwurkje om de kânsen fan it bedriuwslibben yn beide lannen te fergrutsjen. Der is tiisdei in oerienkomst ûndertekene. In delegaasje fan 31 ûndernimmers út Kanada wie yn it WTC om fertjinstwurdigers út it noardlike bedriuwslibben te moetsjen. It gie om ûndernimmers wurksum yn de wettersektor. Winnipeg is de haadstêd fan de provinsje Manitoba. Hjir wenje 1.2 miljoen minsken en neffens it WTC yn Ljouwert lizze der kânsen op it mêd fan wetter, transport, logistyk en lânbou.