De Veilige Veste nominearre

05 nov 2013 - 18:26

It gebou fan behannelsintrum De Veilige Veste fan Fier Fryslân yn Ljouwert is nominearre foar de Hedy d'Anconapriis 2014. Dizze priis is bestimd foar in eksellint soarchprojekt, wêrby't de húsfesting in bydrage leveret oan it soarchkonsept. De Veilige Veste biedt help oan froulju dy't op de flucht binne foar bygelyks húslik geweld, loverboys en twongen prostitúsje. Yn juny 2014 wurdt bekend makke of De Veilige Veste de priis wint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)