Ekdom wol ytkafee yn Ljouwert

Radio-dj Gerard Ekdom is fan doel om in ytkafee te iepenjen tidens de Serious Request-aksje dy't fan 18 oant 24 desimber yn Ljouwert plakfynt. De ôfrûne fjouwer jier siet de populêre 3FM-dj sels foar Serious Request yn it glêzen hûs om jild yn te sammeljen foar it Reade Krús. Dit jier hopet er jild op te heljen troch de ferkeap fan drankjes en iten yn in eigen kafee.
Ekdom is noch op syk nei in Ljouwerter restaurant- of kafee-eigener dy't mei him oan dizze bysûndere jildaksje meiwurkje wol.